JAAP LOUWES
sjonger-lietskriuwer
Efkes foarstelle
Jaap Louwes (Haulerwyk)
Sûnt begjin 1980 aktyf as sjonger/lietskriuwer / trûbadoer.
Syn selsmakke repertoire fynt stadichoan in plakje op it fryske poadium troch optredens yn kroegen, feesttinten,strjitfestivals ensfh.
Ek komme de earste ferskes fia opnames by Omrop Fryslân by in breder publyk:
“Famke”, “Ik doch’t moarn wol“ en “Dwas yn ‘e hasses” binne titels út dy tiid.
Fan 1988-1992 is Jaap sjonger by Bricquebec. Under it motto “Bier yn’t hier” binne d’r in soad optredens rûnom yn Fryslân. Yn dy perioade ferskine twa albums:
“IK DOCH ’T MOARN WOL” (1988) en “LIT ÚS MAR RINNE” (1992).
Dèrnei giet giet hy fierder as trûbadoer en treedt hy op mei syn akoustyske Rock & roll.
Yn 1992 ferskynt de c.d. “SKOBBERDEBONK” mei u.o. “de Wâldwei”, “Oeral gelyk” en “Ezel nr. ien” en yn 2001 “FRATSEN” mei titels as “Hollander yn Fryslân”, “Tusken de earen” en “in Drinkliet”.
Fierder hat Jaap meiwurke oan in produksje fan TRYATER (de Lytse Seemearmin,1992) en it téaterstik “Op syk nei Eeltsje” fan it selskip Bennie Huisman yn de perioade dèrnei.
Mei de “FJOUWER TRÛBADOERS” (PiterWilkens, Doede Veeman, Gurbe Douwstra en Jaap) binne d’r fan 2002-2014 in soad optredens en ferskine twa c.d.’s : “D’R TUSKENÚT”(2004)
En “DE ÂLDE PÚNDYK BY DÈL”(2008).
Yn 2008 docht hy mei oan it projekt “COHEN IN HET FRIES” mei dèrop syn útfiering fan “De Ljochtblaue Reinjas”.
Mei de “fèste gelegenheidsploech” DE LOSSEBINDE binne d’r sûnt ûngefear 2010 in oantal optredens u.o. twa kear op it festival Aaipop.
Mei De Lossebinde dy’t bestiet út gitarist Nathaniel van Veenen, bassist Bonne v.d. Wal en
slachwurker Jelle Gietema ferskynt in de simmer fan 2019 de c.d. “SET ‘M OP”.
Op dizze plaat stean titels as “Memmen by it stek”en “Spikerjack”.Fierder op dit album in duet mei sjongeres Griet Wiersma (“Tegearre”) en in nûmer mei de “Fjouwer Trûbadoers” (“Dan die ik it mei dy”).
Yn totaal stean op “SET ‘M OP” 15 -meastens nije- nûmers mei as soart fan bonus aktuele
útfieringen fan “de Lift”en “Famke”.
Aginda
15/12/2019 de Hopper-,Drachten
30/08/2019 Noardewyn Live (Omrop Fryslân)
T.g.f. de c.d. SET ‘M OP de heule klup kompleet dus Jaap & de Lossebinde
middeis te gast by Willem Wâldpyk.
JAAP LOUWES & DE LOSSSEBINDE
Set ‘m op (2019)
2. MEMMEN BY IT STEK
3. SPIKERJACK
4. WISTOWASTOWUDDEWOST
5. SOMS GEAN DE DINGEN SA
6. TEGEARRE (mei Griet Wiersma)
7. NEA WER
8. IN NIJ BEGJIN
9. IT LEIT OAN MY
10. DAN DIE IK IT MEI DY (de 4 Trûbadoers)
11. AS’T HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST
12. STIL
13. SEKER SKERP & STRAK
14. DE LIFT
15. FAMKE
KEAPJE CD
SET ‘M OP (2019) – Jaap Louwes & De Lossebinde: € 17,-
Prizen binne ynklúsyf portokosten.
€ 17,- oermeitsje nei NL76 INGB 0000 886008 t.n.f. J.M Louwes
ûnder fermelding fan de namme en it adres wèr de bestelling hinne moat , it oantal en de titel fan de CD.
De bestelling wurdt opstjoerd as it jild op de rekken stiet.
JAAP LOUWES
Fratsen (2001)
2. Bargetriennen
3. Ast it mar mienst
4. Te goed
5. Mantsjes Mosk
6. Fan Saiets
7. Hollander yn Fryslân
8. Tusken de earen
9. Skulje
10. De Doarwaarder
11. Myn ex
12 It Alderbêste
13. In Drinkliet
KEAPJE CD
FRATSEN (2001) – Jaap Louwes: € 14,50
Prizen binne ynklúsyf portokosten.
€ 14,50 oermeitsje nei NL76 INGB 0000 886008 t.n.f. J.M Louwes
ûnder fermelding fan de namme en it adres wèr de bestelling hinne moat , it oantal en de titel fan de CD.
De bestelling wurdt opstjoerd as it jild op de rekken stiet.
JAAP LOUWES
Skobberdebonk (1995)
1. Skobberdebonk
2. Alles draait om de sinne
3. It giropaske
4. de Wâldwei
5. Sek
6. Ja
7. Wasto diest
8. Ezel nûmer ien
9. Wat ‘er yn sit moat ‘er út
10. Myn herder is myn rêder
11. Earlik sein
12. Oeral gelyk
13. Buddy Holly-effect
KEAPJE CD
SKOBBERDEBONK (1995) – Jaap Louwes: € 14,50
Prizen binne ynklúsyf portokosten.
€ 14,50 oermeitsje nei NL76 INGB 0000 886008 t.n.f. J.M Louwes
ûnder fermelding fan de namme en it adres wèr de bestelling hinne moat , it oantal en de titel fan de CD.
De bestelling wurdt opstjoerd as it jild op de rekken stiet.
TEKSTEN LEZEN
Lietteksten
01 NEA TOCHT
YN MYN HUTSJE OP ‘E HEIDE YN ‘E FIERTE SJOCH IK GREIDE
DAT IS GOED DÈR HEAR IK THÚS
YN ‘E ROMTE OP IT LÂN MEI IT FYTSKE BY DE HÂN
DÈR IS IT GOED FIEL IK MY THÚS
MAR YN IT ECHT IS DIT NET WIER JOU IT MAR TA AL FALT IT SWIER
IK KRIJ IT EARLIK SEIN SAWAT NET ÚT ‘E STRÔT
MOAT D’R STIEKEM WOL OM LAISTJE WANT IK WENJE YN IN RIJTSJE
MEI MYN FROU EN MY BERN EN MYN KAT
YN ELK DOARPSHÛS AVENTOER LEIT DE FERLIEDING OP DE LOER
DÈR GIET IT MÂL GIET IT TEKEAR
YN LAWEI POSTHÛS OF SKÂNS DÈR GIET IT RÛCH GRYP IK MYN KÂNS
IEN TWA TRIJE NOCH FOLLE MEAR
MAR YN IT ECHT IS DIT NET WIER JOU IT MAR TA AL FALT IT SWIER
‘K SIT OP DE BANK MEI MYN EIGEN LEAVE SKÂT
ACH JA JO MOAT D’R WAT FAN MEITSJE DUS SIT IK HJIR YN MYN RIJTSJE
MEI MYN FROU EN MYN BERN EN MYN KAT
EN DAN LIT IK MY WÈR RIDE IEN SJAUFFEUR EN IEN BOLIDE
DAT IS GOED DÈR HEAR IK THÚS
EN HY RYDT MY OERAL HINNE ‘K WIT FAAK NET MEAR WÈR ’T WY BINNE
DAT IS GOED IK KOM NEA WER THÚS
MAR YN IT ECHT IS DIT NET WIER IK MOAT SELF SOARCHJE FOAR FERFIER
YN MYN OPEL ASTRA KIN IK NET KAPOT
EN DAN RYDIK WYLST IK LAITSJE NEI ’T PARKEARPLAK BY MYN RIJTSJE
NEI MYN FROU EN MYN BERN EN MYN KAT
ÚS WENTE NEAMT “NEA TOCHT”
IN LIBBEN LANG AL SOCHT
IT LIBBEN LAKET MY SOMS TA IK WIT EK WIER NET HOE ‘K IT HA
MAR IT AS GOED IK BIN TEPLAK
WANT EK AL SIS IK SOMS FERDOMME ‘K WIT IT BÊSTE MOAT NOCH KOMME
‘K JOU ’T WOL TA EN MEI GEMAK
EN YN IT ECHT SKEELT DIT NET FOLLE ’T IS MAR WAT JO D’R MEI WOLLE
BIN MAR AMPER OP ‘E HELTE BOPPEDAT
WANT EK AL MOAT IK D’R OM LAITSJE HÂLD EINS BÊST WOL FAN MYN RIJTSJE
MEI MYN FROU EN MYN BERN –KOM RIS DÈL DAN KINST IT SJEN-
NEI FROU EN MYN BERN EN MYN KAT.
02 MEMMEN BY IT STEK
NET MEAR TE WACHTSJEN YN IN RIGE MEI IK MISKIEN EK RIS LIGE
DY TIID DY IS FOARBY EN WÈST IS WÈST
YN MYN DREAMEN EN GEDACHTEN IN RIGE FROULJU OANT OAN DRACHTEN
JA YN MYN DREAMEN BIN IK OP MYN BÊST
O WAT WIEN’ IT MOAIE TIDEN FOL FERLANGEN FOL FERLIEDEN
IK KIN D’R NOCH OP TARRE ELKE DEI
MAR DY TIID KOMT NET WEROM ACH WAT KIN IT MY FERDOMME
HJOED IS NO EN IK BELIKE IT OPNIJ
AS IK DE BERN NEI SKOALLE BRING SJOCH IK SE STEAN DÈR YN IN KRING
DAT BINN’ DE MEMMEN MEMMEN BY IT STEK
FAAK NOCH JONG EN SOMS NOCH KREAS FAN IT PRATEN MEASTAL HEAS
DAT BINN’ DE MEMMEN MEMMEN BY IT STEK
WIER IK KIN D’R NEAT OAN DWAAN IT OERKOMT MY HEUL SPONTAAN
‘K HA THÚS OAN LEAFDE EN OAN OANDACHT GJIN GEBREK
MAR IK HA FLINTERS YN MYN LIIF BY IT SJEN FAN SA’N MOAI WYF
DAT BINN’ DE MEMMEN MEMMEN BY IT STEK
NOCH WAT DIZICH YN ‘E HOLLE BRING IK MOARNS MYN SOAN NEI SKOALLE
LYTSE EAGEN EN IK HA DE SLIEP NET ÚT
TOE MAR GEAN MAR HINNE JONGE LEKKER BOARTSJE EN MOAI SJONGE
DOCH DYN BÊST IN PROTTE WILLE EN IN TÚT
DAN KOMT SY WÈR TICHTERBY IT IS DE FAVORYT FAN MY
WAT IS SY MOAI EN SA OARS AS DY OAREN
IK SJONG FOAR HAR MYN HEUGSTE LIET IN LIET DAT STIET IN LIET DAT STIET
IT IS NET MOEILIK OM BY HAR IN HIT TE SKOREN
AS IK DE BERN NEI SKOALLE BRING…….
IT IS NOCH NET SA LANG SA
DAT IK IT SPULTSJE TROCH HA
SKOALLESTEKJEROMANTYK
IN NIJE LEAFDE OP FERSYK
ACH DAT SIL SA’N FAART NET RINNE D’R BINNE DINGEN DY NET KINNE
MAR IT JOUT IT LIBBEN WÈR WAT KLEUR
WANT LYKÂS GRIF IN HEUL SOAD MINSKEN HA IK EK MYN STILLE WINSKEN
OP DIZZE WIZE BREK IK MEI DE SLEUR
DAN SEIT SY DREAM MAR LEKKER TROCH TINKST SOMS DAT IK IT NET SJOCH
LEAR MY DYN SPUL IK WOL IT MEI DY DELE
WANT GELOK SIT YN ‘E HOLLE FANTASY HA’ST NOAIT TEFOLLE
HJIR BY IT SKOALLESTEK SILL’ WY ÚS NOAIT FERFELE
AS IK DE BERN NEI SKOALLE BRING…..
DAT BINN’DE MEMMEN MEMMEN BY IT STEK
DAT BINN’DE MEMMEN SÛNDER REMMEN BY IT STEK.
03 SPIKERJACK
WAT MOAT DAT LANGE SWARTE HIER OP DE LINKERMOUWE FAN DYN SPIKERJACK
DY FAN MY BINN’ BLOND EN KOART MAR WAT IK SJOCH IS LANG EN SWART
IK WURD NOCH SPIKERGEK
WAT MOAT DAT LANGE SWARTE HIER OP DE LINKERMOUWE FAN DYN SPIKERJACK
O NEE DAT HIER IS NET FAN MY EN EK SEKER NET FAN DY
IK WURD NOCH SPIKERGEK
DIT IS NET WIER IT MAKKET MY BENAUD
DIT OERKOMT MY NET ALTYD HA’K DY FERTROUD
LEAFDE IS BLYN IT SIL TOCH NET SA WÈZE
MAR IK KIN DE LEUGEN YN DYN EAGEN LÈZE
WAT MOAT DAT LANGE SWARTE HIER…………
DEI EN NACHT OAN’T WURK EN GAURIS OP IN PAAD
JA AL DAT LJOCHT OP MY SET DY WA YN IT SKAAD
MAR DY ROM STRIELT WIER EK OP DY ÔF
DO BIST MYN BEAKEN FAMKE WIEST MY ALTYD TROU
WAT MOAT DAT LANGE SWARTE HIER…………
IN D.N.A. TEST HAT HJIR GRIF GJIN DOEL
IK FERTROU FOLSLEIN OP MYN GEFOEL
DIT GIET TE FIER EN SIS NET DAT IK SEUR
DAT FRJEMDE HIER HAT IN FERTOCHTE KLEUR
IK JOU IT TA IK DOCH DY FÊST TEKOART
EN DAT MOAT OARS IK WIT WOL DAT DAT MOAT
BLOMMEN SIL IK KEAPJE HEULE DOAZEN
MEI FIOELEN ANNEMOANEN READE ROAZEN
DO KROEPST MY OAN EN SEIST IK HÂLD FAN DY
DO EN IK TEGEARRE DAT BINN’ WY
MYN HERT DAT RAANT EN LEAU DAT IT MY SPYT
MAR DY TWIFEL BIN IK NOCH NET KWYT
WAT MOAT DAT LANGE SWARTE HIER………..
04 WISTOWASTOWUDDEWOST
WISTOWASTOWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTOWUDDEWOST FAN WA BIST IEN
WISTOWASTWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTWUDDEWOST FAN WA BIST IEN
WAT DOCHSTO FOAR DE KOST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
FAN WA BIST IEN WAT DOCHST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
WAT DOCHSTO FOAR DE KOST -WISTWASTOWUDDEWOST-
FAN WA BIST IEN
HOLLEBOPPEWETTERHÂLDEKINNE
FOARNETTEFOLLESINTENOERALHINNE
MOASTNOCHHEULWATLEARE
BISTNOCHLANGNETKLEAR
FOARELTSENIENINPLAKÛNDERDESINNE
WISTOWASTOWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTWUDDEWOST FAN WA BIST IEN
WISTOWASTOWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTOWUDDEWOST FAN WA BIST IEN
WAT DOCHSTO FOAR DE KOST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
FAN WA BIST IEN WAT DOCHST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
WAT DOCHSTO FOAR DE KOST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
FAN WA BIST IEN
DOCHSTDROARSFAAKSNOCHWOLWATBY
SMYTEKFÊSTWOLHEULWATOPFOARDY
HÂLDITDYEKDWAANDEDATDYGLETSJERRAANDE
WATHASTOMEIINOAREINSEKTEKRIJEN
WISTOWASTOWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTOWUDDEWOST FAN WA BIST IEN
WISTOWASTOWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTOWUDDEWOST FAN WA BIST IEN
WAT DOCHSTO FOAR DE KOST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
FAN WA BIST IEN WAT DOCHST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
WAT DOCHSTO FOAR DE KOST -WISTOWASTOWUDDEWOST-
FAN WA BIST IEN
SITSEDYEKOANDEKOPTESEUREN
WITSEEKDYNTAKOMSTYNTEKLEUREN
HÂLDSTOEKWATOERFANDATGEOUEHOER
OFMOATSEGAURISOPHÂLDETELEUREN
WISTOWASTOWUDDEWOST MOKSELFISKER
WISTOWASTOWUDDEWOST FAN WA BIST IEN ………
WISTOWASTOWUDDEWOST.
05 SOMS GEAN DE DINGEN SA
IN HURDHOUTEN KOP DE BEERENBURCH OP
DE SPIKERBROEK ÂLD EN FERSLITEN
MIN OP ‘E LEA DE KATER IS DEA
DE BÔLE TE ÂLD OM TE ITEN
GRIIS IS DE WICHTIGSTE KLEUR
IN DIJ AS SA FAAK YN MINEUR
DE IERPELS TE FLAU IT BIER FIERST TE LAU
DE PLAAT DYSTO SOCHST NET TE KRIJEN
DE SIMMER TE HYT IN KOP AS IN BIET
FAN WURDCHENS YN SLIEP BY IT FRIJEN
MIN KIN WIER NET ALLES MAR HA
SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS GEAN DE DINGEN SA SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS
WYLD EN DÛMDRYST TREURICH EN TRYST
IN LJIP SIT OP STIENNEN TE BRIEDEN
DE BUS IS TE LET DE TREIN RYDT WÈR NET
IN FINT STIET DYN FAAM TE FERLIEDEN
MIN KIN WIER NET ALLES MAR HA
SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS GEAN DE DINGEN SA SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS GEAN DE DINGEN SA SOMS
OARS AS OARS OARS AS OARS
IT LIKET HEUL WAT MAR IT IS IN SWART GAT
EN MEAR FAN DAT DIZICH GEDOCH
DE KROECH FOL KABAAL IN MOEILIK FERHAAL
IN KLOAT YN ‘E HOEKE RAAST TSJOCH
EN WÈR IS IT ÂLDE BILJERT
DE KROECHBAAS IS DRONKEN WY NET
BARGJE EN GRIEME SEURE EN SKRIEME
DE DOBBELSTIEN FALT SOMS FERKEARD
KRISIS YN ’T LÂN NEAT OAN ‘E HÂN
FAN ELLINDE AL JIERRENLANG LEARD
MIN SIL D’R WOL KLAUEN OAN HA
SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS GEAN DE DINGEN SA SOMS GEAN DE DINGEN SA
SOMS GEAN DE DINGEN SA SOMS GEAN DE DINGEN SA
OARS AS OARS
OARS AS OARS.
06 TEGEARRE
SY WITTE NET OF IT TAFOL WIE OF DAT IT YN ‘E STJERREN STIE
SY SEIT DAT SY FOAR IVICH FAN HIM HÂLDT
IT IS SA AS IT ALTYD WIE IT GIET SA S IT ALTYD GIE
TEGEARRE WURD’ SY ÂLD
SYN ÛNRÊST SIT IM YN IT PAAD
AL SKYNT DE SINNE HY SJOCHT SKAAD
SYKJEND NEI WAT LEAFDE ELKE DEI
SY IS IN FAMKE FOL FAN FLEUR
SJOCHT IN DE NACHT EK LJOCHT EN KLEUR
MOETSJE ELKOAR EN SY MAKKET HIM FRIJ
SY WITTE NET OF OT TAFOL WIE OF DAT IT YN ‘E STJERREN STIE
HY SEIT DAT HY FOAR IVICH FAN HAR HÂLDT
IT IS SA AS IT ALTYD WIE IT GIET SA AS IT ALTYD GIE
TEGEARRE WURD’ SY ÂLD
DE MINSKEN SIZZE ’T KIN SA NET
DIT IS WIER NET SA AS IT HEART
SY LÛKE HARREN DÈR DUS NEAT FAN OAN
SÛNDER ÔFSPRAAK OF PAPIER
FOARDAT SY WITTE IS SY SWIER
SA GIET IT LIBBEN HEUL GEWOAN
SY WITTE NET OF IT TAFOL WIE OF DAT IT YN ‘E STJERREN STIE
SA HÂLDE SY IT FOL YN DIZZE WRÂLD
IT IS SA AS IT ALTYD WIE IT GIET SA AS IT ALTYD GIE
TEGEARRE WURD’ SY ÂLD
SA FIERE SY IT BESTEAN FAN LANGSTME EN FERTRIET
SY FIERE IT TEGEARRE ’T HARREN LIBBENSLIET
SY TINKT SOMS IS DIT WAT IT IS
EN HY DRINKT SOMS OP IT GEMIS
FAN WAT DAN EK IT IS IN FAAG IDEE
MAR BEIDE HÂLDE SY IT FÊST
SA IS IT GOED SA IS IT BÊST
LIT MAR KOMME FOAR DE TAKOMST REE
SY WITTE NET OF IT TAFOL WIE OF DAT IT YN ‘E STJERREN STIE
AL WURDT IT EK WAT MINDER MEI ’T ÛNTHÂLD
IT IS SA AS IT ALTYD WIE IT GIET SA AS IT ALTYD GIE
TEGEARRE WURD’ SY ÂLD.
07 NEA WÈR
IK PISJE WOLRIS NEIST DE POT
IK SIS DAN DIT EN DOCH DAN DAT
EN AS IK SÛP DAN WURD IK MEASTAL LAM
AL HÂLD IK DAT NET LANG MEAR FOL
NEI TRIJE GLÈSKES WIT ‘K IK AL
MYN STRÔT’ IS KREBYNTICH STIIF EN STRAM
IN ÂLDE FOKS FERLIEST SYN STREKEN NET
EN RINT IT ‘IS WÈR ÚT DE KLAUEN DAN KOMT SPYT TE LET
MAR NEA LIT IK DY WÈR GEAN
NEA LIT IK DY WÈR STEAN
‘K BIN O SA POLITYK KORREKT
WAT DAT BETSJÛT WIT IK NET KREKT
IK EAMELJE WOL MEI DE MEUTE MEI
EN SEIT D’R IEN DIT LÂN IS FOL
DAN PRAAT IK HIM DAT ÚT ‘HOLLE
MAR STIKEM HA’K DÈR EK MYN TWIVELS BY
EN YN DE KROECH WURDT IT WÈR FIERST TE LET
DE SINTEN BIN IK SAMAR KWYT MYN GRUTTE TOARST NOCH NET
MAR NEA LIT IK DY WÈR GEAN
NEA LIT IK DY WÈR STEAN
EN AS DE MINSKEN ROPPE SILLE ASO-APPARAAT
WIER IT KIN MY NEAT MEAR SKÉLE ‘K RIN MYN EIGEN PAAD
IK BIN KONSEKWINT YNKONSEKWINT
BEHELPSEM AARDICH EN ATTINT
IN GOED PETEAR GEAN IK NET ÚT DE WEI
IN MOAIE FROU DAT LIKET WAT
FREECHJE HAR DAN IT HIMD FAN ’T GAT
EN STIKEM KOM IK DAN WÈR TICHTERBY
MYN MOAIE PRAATSJES BINN’ WÈR FIERST TE GLÈD
SY TRAPET DR’NET YN EN DAT BEGRYP IK NET
MAR NEA LIT IK DY WÈR GEAN
NEA LIT IK DY WÈR STEAN.
08 IN NIJ BEGJIN
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NJ BEGJIN
NEE IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
FOAR IN NIJ BEGJIN IS ’T NOAIT TE LET
SIS NO SELF BETTER LET AS NET
NEE IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
D’R BINN’ TEFOLLE AUTO’S OP ‘ E DYK
D’R BINN’ TEFOLLE AUTO’S OP ‘E DYK
AUTO’S AUTO’S AUTO’S RIDE
KLEARE KOOLSTOFMONOKSYDE
D’R BINN’ TEFOLLE AUTO’S OP ‘E DYK
MAR IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
NEE IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
RINNE DAT IS LIKE FIER
DAT KLINKT GEWOAN EN IS EK WIER
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NJ BEGJIN
HAULERWYK HAT DE ÂLDERMOAISTE FEART
HAULERWYK HAT DE ÂLDERMOAISTE FEART
MAR SPITICH D’R LEIT ASFALT OER
GOAI ‘IM IEPEN EK AL IS IT DJOER
HAULERWYK HAT DE ÂLDERMOAISTE FEART
MAR IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
BESYKJE IT IS MEI IN BOM
AL IS ’T YN DE BEBOUDE KOM
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
D’R BINN’ TEFOLLE GRINZERS YN IT LÂN
D’R BINN’ TEFOLLE GRINZERS YN IT LÂN
TAMMO TAMMO EN NOCH MEAR
FERREK WAT DOCH’ MYN EAREN SEAR
D’R BINN’ TEFOLLE GRINZERS YN IT LÂN
MAR IR IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
SET YN GRINS IN WALKMAN OP
DAN HAST DAT GEKNAU NET OAN ‘E KOP
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
FYN’ JO DE MEASTE FERSKES EK TE LANG
OF HÂLDE JO FAN MUZIKAAL BEHANG
IK TINK DA’K NO MAR STOPJE MOAT
IK KOM FERDOMD HAST LUCHT TEKOART
FYN’ JO MEASTE FERSKES EK TA LANG
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN
FOAR IN NIJ BEGJIN IS ’T NOAIT TE LET
SIS NO SELF BETTER LET AS NET
IT IS NOAIT TE LET FOAR IN NIJ BEGJIN.
09 IT LEIT OAN MY
DO HAST AL WIKEN PINE YN ‘E KOP
DO ROMST AL TIDEN DE ROTSOAI NET MEAR OP
DO SEIST GJIN WURD EN LITST DE BOEL DE BOEL
HÂLDST ALLES STIL EN HINGEST YN DYN STOEL
DO SEIST WY KOMME JILD EN LEAN TEKOART
EN DAT SIL OARS OM DYN PART IS IT SWART
DO BIST SA DWAS HAST SAWAT GJIN GEDULD
DO KINST D’R NEAT OAN DWAAN IT IS MYN SKULD
JA IT LEIT OAN MY [ AL IS IT DREECH IK JOU IT TA]
IT LEIT OAN MY [ KINST NET ALTYD ALLES HA ]
IT LEIT OAN MY [ IT KOMT WIER NET TROCH DY ]
IT LEIT OAN MY
DY ÂLDEWIVESIMMER HÂLDT NET OP
’T IS FIERST TE WAARM EN DE WRÂLD STIET OP ‘E KOP
MAR LEAVE DO DO KINST D’R NEAT OAN DWAAN
IT KOMT TROCH MY MEIST MY TE SKULD WOL JAAN
EN IT LEIT OAN MY [ DO HAST GELYK IK JOU IT TA ]
IT LEIT OAN MY [ SÛNDER TWIVEL IS IT SA ]
JA IT LEIT OAN MY [ IT KOMT WIER NET TROCH DY ]
IT LEIT OAN MY
NO GIET IT GOED DO SIST ALLINNICH THÚS
DO LEIST TE SLIEPEN EN FERJITST SA IT FORNÚS
IT LEIT FOAR DE HÂN EN IT HINGET YN ‘E LOFT
NO IS IT KLEAR ALLES IS ÛNTPLOFT
EN IT LEIT OAN MY [ JOU IT TA AL DOCHT IT SEAR ]
IT LEIT OAN MY [ DO HAST GELYK EK DIZZE KEAR ]
IT LEIT OAN MY [ IT KOMT WIER NET TROCH DY ]
IT LEIT OAN MY
JA IT LEIT OAN MY [ EK AL DOCH ‘K IT NET MEI SIN ]
IT LEIT OAN MY [ IK BIN SKÛLDICH NET TE MIN ]
IT LEIT OAN MY [ IT KOMT WIER NET TROCH DY ]
IT LEIT OAN MY.
10 DAN DIE IK IT MEI DY
IK BIN NET IN DÛNSER AL SIT IK GROADFOL MEI MUZYK
BIN WIER NET SA’N DÛNSER DAT SIT NET YN MYN MOTORYK
MAR AS IK DY SJOCH WIT IK WOL WAT IK WOE
JA AS IK DY SJOCH EN IK DOCHS DÛNSJE KOE
JA AS IK DY SJOCH IS ALLE TWIFEL FUORT FOARBY
DAN DIE IK IT MEI DY
IK BIN NET IN PRATER AL HÂLD IK FAN IN GOED PETEAR
BIN WIER NET IN PRATER IN GRÛT FERETELLER BIN ‘K NET MEAR
MAR AS IK DY SJOCH EN IN SOAD FERHALEN HIE
JA AS IK DY SJOCH NET MEI DE BEK FOL TOSKEN STIE
JA AS IK DY SJOCH IS ALLE TWIFEL FUORT FOARBY
DAN DIE IK IT MEI DY
IK BIN NET IN DRINKER HOEWOL IK GRAACH IN SLOKJE MEI
BIN WIER NET IN DRINKER AL BIN IK TOARSTICH ELTSE DEI
MAR AS IK DY SJOCH IS GJIN REKKEN MY TE HEECH
JA AS IK DY SJOCH DAN SÛP IK ALLE FLESSEN LEECH
JA AS IK DY SJOCH IS ALLE TWIFEL GAU FOARBY
DAN DIE IK IT MEI DY
AS IK KOE WAT IK SOE DAN DIE IK IT MEI DY
EN SLAGGE IT DAN NET DAN BESOCHT IK IT OPNIJ
IK BIN NET IN FRIJER AL FYN IK MOAIE FROULJU MOAI
BIN WIER NET IN FRIJER FIERST TE WURDCH EN FIERST TE LOAI
MAR AS IK DY SJOCH FIEL IK DE LEAFDE YN MYN LEA
JA AS IK DY SJOCH FIEL IK DE LEAFDE LYKÂS EA
JA AS IK DY SJOCH IS ALLE TWIFEL FUORT FOARBY
DAN DIE IK IT MEI DY.
11 AS’T HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST
AS’T HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST
JOUST HAR LIKEFOLLE AS’T KRIJST
HOE GIET IT DAN WAT TINKSTO DAN
WAT TINKSTO AS SY SEIT
DA’ST HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST
PLEAGERIJ EN FLAAIERIJ SA ÂLD AS DE WRÂLD
DO FREGEST HAR SY FREGET DY IT LIT JIM NET KÂLD
WANT AL SIL IT HAR FERFELE DO SETST ALTYD TROCH
NEE KIN DY NEAT SKELE ’T IS JA TOCH
MAR AS’T HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST……….
MEM SEI IT EARTIIDS AL TSJIN MY
’T IS FREEGJEN OM IN TÚT
DAT PLEAGJEN EN DAT FLAAIEN
EN WAT MEM SEI DAT KOMT ÚT
WANT AL SIL IT HAR FERFELE DO SETST ALTYD TROCH
NEE KIN DY NEAT SKELE ’T IS JA TOCH
AS’T HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST………..
NIM HAR MEI TE SILEN OP ‘E MAR
FERSIER HAR OPNIJ EN LIT HAR GJIN KAR
EN AS’TO DAN RIS MEI DE BEK FOL TOSKEN STIEST
DE KOP SOMTIDEN WOL WÈR GAURIS HINGJE LITST
DO WOLST IT WÈR PROBEARE
KINST NEE NET AKSEPTEARE
FREGEST HAR EN WEAGEST IT TOCH
EN AS’T IT WÈR RIS WEAGJE MEIST
NET SIZZE MAR WOL DWAAN WA’ST SEIST
SA GIET IT DAN DAT KOMT D’R FAN
AS’TO NEIST HAR LEIST
EN AS’T IT WÈR RIS WEAGJE MEIST
MAR AS’T HAR NET MEAR PLEAGJE MEIST
JOUST HAR LIKEFOLLE AS’T KRIJST
HOE GIET IT DAN WAT TINKSTO DAN
WAT TINKSTO AS SY SEIT
DA’ST HAR NET EAR PLEAGJE MEIST.
12 STIL
HA GOEIE ÂLDE FREON ’T IS FERREKTE LANG LYN
‘K SOE SA FAAK BY DY OAN MAR IT BLEAU BY MISKIEN
SOARCHLEAZE TIDEN BINNE FOARBY
DAT JILT FOAR ÚS BEIDE MAR EK SEKER FOAR DY
WY WITTE FAAKS NET HOE’T IT FIERDER KOMME SIL
DAN FINE WY GJIN WURDEN EN HÂLDE WY ÚS STIL
IT HEART D’R ALLEGEAR BY MAR IT GIET WOL WAT BOT
DE IENE NEI DE OARE FALT BY ÚS FUORT
IT BESTEAN IS SOMS HURD SEIST DO JAWIS DAT IS WIER
DÈR MOAST DY MEI RÊDE EK AL FALT IT SWIER
WY WITTE DAT IT OERGIET EN EK FERTRIET SLITE SIL
MAR SOMS BINN’ D’R GJIN WURDEN EN HÂLDE WY ÚS STIL
DE ÂLDE KROECH IS NO TICHT DE ÂLDE KROECH IS NO LEECH
IN BYTSJE SÛNDE IN BYTSJE SPYTICH EN IN BYTSJE DREECH
WOLKOM KOM D’R YN DE KOFJE ALTYD KLEAR
EN IN KWARTSJE YN DE JUKEBOX MAR EK DY IS D’R NET MEAR
WACHTSJE OP DE DEI DAT WÈR MUZYK KLINKE SIL
OANT DY DEI BINN’ D’R GJIN WURDEN EN HÂLDE WY ÚS STIL
BÊSTE FREON DO SEIST SA FAAK IT IS IN ÛNDERDIEL FAN
MAR AS IT TSJINSIT EN NOCH MEAR FERTEL WAT MOATTE WY DAN
MEI GOEIE RIED STIEST ALTYD KLEAR EN DY HEAR IK NO GRAACH
MEITSJE MY WIZER IK HA GEDULD MEI DIZZE FRAACH
BIN BENIJD EN WACHTSJE OP WAT DYN ANTWURD WÈZE SIL
OANT DY TIID HA IK GJIN WURDEN WACHTSJE ÔF EN HÂLD MY STIL
IT SIT ‘IM YN IT WÈZEN FOAR ELKOAR
IT SIT ‘IM YN IN IEPEN IEPEN DOAR
AS IT MOAT DAN MOAST D’R WÈZE
AS IT MOAT DAN MOAST D’R WÈZE
AS IT MOAT DAN MOAST D’R WÈZE
FOAR ELKOAR.
13 SEKER SKERP & STRAK
IT IS DE EARSTE KEAR EN DE EARSTE KEAR IS RAAK
DE TWADDE EN DE TREDDE KEAR IT SLAGGE LIKEFAAK
PAK IT BEET PAK IT OP
KIN IT SKÉLE JOU IN SLINGER OAN DY KNOP
GJIN GEAMEL GJIN GEDONDER GJIN GESEIK
ALLES FOAR DE WYN
SEKER SKERP EN STRAK
WY DOCHE ALLES MEI GEMAK
HASTICH HEUG EN HURD DAN IS ALLES GOED
RINNE AS IN SPEER
ALLE DAGEN ELKE KEAR
D’R IS MAR IEN DEI DAT IS DYN DEI DAT IS HJOED
WERKE AS IN HYNDER IT MOAT DE HEULE WIKE LANG
IT MOAT FLUCH IT MOAT MEI FAASJE EN IT MOAT IT MOAT MEI GANG
PAK IT OAN PAK IT BEET
IT IS MOANDEI T ..T..’T IS FREED
GJIN GEAMEL GJIN GEDONDER GJIN GESEIK
ALLES FOAR DE WYN
SEKER SKERP EN STRAK
WY DOCHE ALLES MEI GEMAK
HASTICH HEUG EN HURD DAN IS ALLES GOED
RINNE AS IN SPEER
ALLE DAGEN ELKE KEAR
D’R IS MAR IEN DEI DAT IS DYN DEI DAT IS HJOED
SET ‘M OAN SET ‘M ÚT SET ‘M OP
SET ‘M OAN SET ‘M ÚT SET ‘M OP
DÈR WOE IK BY LITTE DUS DÈR LIT IK IT MAR BY
AFFESEARE NO IS ’T KLEAR EN OARE KEAR OPNIJ
PAK IT OP PAK IT OAN
DIEST IT JUSTER DOCH IT HJOED EN DOCH IT MOARN
GJIN GEAMEL GJIN GESEIK GJIN GEDONDER
ALLES FOAR DE WYN
SEKER SKERP EN STRAK
WY DOCHE ALLES MEI GEMAK
HASTICH HEUG EN HURD DAN IS ALLES GOED
RINNE AS IN SPEER
ALLE DAGEN ELKE KEAR
D’R IS MAR IEN DEI DAT IS DYN DEI DAT IS HJOED.
14 DE LIFT
IT IS IN WAARME SIMMERDEI IK STEA TE LIFTSJEN OAN DE WEI
’T IS OM TE STIKKEN
SJAUFFEURS LOERE MY OAN SY TINKE GEAN TOCH FYTSEN MAN
SPOTTENDE BLIKKEN
DÈR STOPPET IN BOLIDE SY SEIT KINST WOL MEI MY RIDE
KOM MAR MEI
SY FERTELT DAT SY NET HASTICH IS IK TINK DA’S MOAI
EN WIS SET SY FAN ’T EIN
EARST WAT KALM OAN LETTER FOLLE HURDER
EARST WAT KALM OAN LETTER OP SYN HURDST
IK SIT TE SWITTEN YN MYN STOEL EN KRIJ IN WÛNDERLIK GEFOEL
DAT D’R WAT BROEIT
SÛNDER DRUPPEL DRANK WURD ‘K DRONKEN AS SY NEI MY SIT TE LONKEN
ALLES GLOEIT
DAN SEIT SY FOARDAT ‘K IT WIT IK FIEL MY AARDICH HYT
HOE IS’T MEI DY
SY SEIT IK FAL OP LANG EN BLOND EN KNAP IK TINK DA’S MOAI
WANT IK BIN ’T ALLEBEI
EARST WAT KALM OAN LETTER FOLLE HURDER
EARST WAT KALM OAN LETTER OP SYN HURDST
O SET ‘IM YN SYN FRIJ….
TSJIN DE JÛN WURD’ WY WEKKER AARDICH WÛRDCH MAR DAT IS LEKKER’
NEI SA’N DEI
NEI SA’N DEI WÈR’T ALLES BROEIDE WÈR’T WY ÛNBETWINGBER GLOEIDEN
ALLEBEI
OP IT STASJON SET SY MEI ÔF FAN FIERDER LIFTSJEN BIN IK FLAU
IK NIM DE TREIN
SY SJOCHT MY OAN EN IK STAP ÚT EN NEI IN ÂLDERLÊSTE TÚT
SET SY FAN ’T EIN
EARST WAT KALM OAN LETTER FOLLE HURDER
EARST WAT KALM OAN LETTER OP SYN HURDST.
15 FAMKE
SOKS GEBEURT ALTYD ÛNFERWACHTS
IT KIN OERDEIS IT KIN EK NACHTS HÉ HÉ
FOARDAT JE ’T WITTE DAN IS ’T TE LET
SY HAT JE TE PAKKEN OF JE WOLLE OF NET HÉ FAMKE
DO MAKKEST MY FERLEGEN YN DYN EAGEN SJOCH ‘K IN FLAMKE FAMKE
DO MAKKEST MY FERLEGEN YN DYN EAGEN SJOCH ‘K IN FLAMKE FAMKE
FAMKE
MEI IN BONKENDE BEALCH RIN IK NEI HAR TA
SIS IK WOL DY FANNACHT BY MY HA HÉ HÉ
ECHT IT IS NET SA SLECHT BY MY
NACHTS BIN IK LEAF EN MOARNS SET IK THEE HÉ FAMKE
DO MAKKEST MY FERLEGEN YN DYN EAGEN SJOCH ‘K IN FLAMKE FAMKE
DO MAKKEST MY FERLEGEN YN DYN EAGEN SJOCH ‘K IN FLAMKE FAMKE
FAMKE
SIS NET SOKS HA’K AL EARDER HEARD
WANT SA AS IK IT MIEN MIENT IN OAR IT NET
HÉ FAMKE
DO MAKKEST MY FERLEGEN YN DYN EAGEN SJOCH ‘K IN FLAMKE FAMKE
DO MAKKEST MY FERLEGEN YN DYN EAGEN SJOCH ‘K IN FLAMKE FAMKE
FAMKE.
Boekings?
foar boekingen kinne jo kontakt mei my opnimme
Emailadres en it tillefoannûmer